Biografy

Jorn Idzerda – Sang / Mûlharp
Wieger de Wit
– Gitaar / Eftergrûn sang
Laurens Hofstra
– Oargel
André Klijnstra
– Bas
Styn Idsardi - Slachwurk

Net dyn standert bluesband, mar in eigensinnige bluesrockformaasje besteande út fiif útsprutsen persoanlikheden.

De strôt fan sjonger Jorn Idzerda is rau en rûch en syn mûlharp wurdt mei in soad power bespile. De sjarmante drumster Styn Idsardi fersoarget de ritmeseksje yn gearwurking mei de rûge bassist André Klijnstra. André ferfong ein 2010 Sjoerd Peereboom. It gitaargeweld wurdt fersoarge troch Wieger de Wit. De straffe grooves kostje wol in stikmannich snaren, mar soargje wier wol foar in sûne poarsje enerzjy. De frijmoedige toetsenist Laurens Hofstra soarget foar ynteressante oargelsolo’s, dy’t gjin optreden itselde binne.

Wêr’t it begûn (july 2009) yn in gesellige hûskeamer mei de nedige lûdsoerlêst, is dizze romte ynwiksele foar in isolearre studio wêr’t de Skrale sound noch better ta syn rjocht komt. De band komponearret en skriuwt eigen nûmers mei as ynspiraasjeboarne ûnder oaren The Red Devils en AC/DC.
Der wurdt hurd wurke oan in earste album dat folslein bestiet út eigen wurk. De band stiet garant foar in lyts oere ûntwapenjend mei-inoar spyljen dat soarget foar in noflike sfear, geskikt foar elts feest/festival!

Yntusken hat de band in lytse PA ynstallaasje en in lûdstechnikus (Erik Wagenaar), sadat der gjin kroech mear feilich is. Skraal hat al optredens fersoarge op Aaipop (it grutste Frysktalige festival fan Nederlân), it Blues & Americana festival, Herberchblues, it doarpsfeest fan De Tynje en fansels yn legio rikkerige kroegen. Ek wurdt Skraal regelmjittich draaid op Omrop Fryslân en wie live te beharkjen yn it programma ‘Noardewyn’.

Us team:
Erik Wagenaar - lûdstechnikus
Hans van der Zwaag - Sjauffeur
Alex Klijnstra - Sjouwer

Hollanders kunnen hier klikken.