Wolkom!

Wolkom op de thússide fan de rûchste bluesband fan Fryslân. In rauwe strôt, skuorrende gitaren, in sjarmante drumster en in goed humeur, dat is Skraal yn in nutedop. It hiele ferhaal fan de band kinst lêze yn ús biografy.

Wolst sjen hoe’t wy it dogge op de Fryske poadiums? Sjoch dan efkes by fideo’s. Wolst hearre hoe’t we it dogge yn ‘e studio? Harkje dan nei ús nûmers yn de lûdseksje. Fynst it allegearre machtich moai, dan kinst yn ‘e sjop Skrale fanartikels oanskaffe.

In kear in bierke mei ús drinke? Sjen hoe’t we live spylje? Sjoch dan by optredens wannear we by dy yn ‘e buert binne.

Hast sels in kroech/seal of joust in moai feest, dan kinst ús boeke (mei of sûnder PA). Folje it kontaktformulier yn foar mear ynfo.

Elkenien Skraal!

Comments are closed.

WP Like Button Plugin by Free WordPress Templates